Klaas Muizelaar

Klaas Muizelaar

Klaas MuizelaarKlaas Muizelaar is één van de grondleggers van de v.v. N.O.K. Het was de heer Muizelaar die als eerste persoon de scepter zwaaide over de club. Hij was 20 jaar lang voorzitter geweest van de club toen hij in oktober 1985 besloot af te treden. Echter, na een periode van 3 jaar toen Geert Loodsma aftrad werd Muizelaar wederom gepolst voor de vrijgekomen positie. Hij accepteerde dit verzoek en was in zijn 2e termijn voorzitter vanaf oktober 1988 tot en met april 1991. Bij elkaar opgeteld is de heer Muizelaar goed geweest voor bijna 23 jaar trouw voorzitterschap. Onder zijn leiding is de club vanaf 0 opgebloeid tot een gezonde, stabiele dorpsclub met een fraai sportcomplex.

Een kleine impressie uit het interview met Klaas Muizelaar 'Op 'e kofje bij Klaas Muizelaar' Uit het 'Nijemirdummer Dorpskrantje'  van augustus 2010.

Op 'e kofje by..

Klaas Muizelaar (85)

Wennet mei syn frou Aukje op it Wytlansykje 2. Als ik oan Klaas Muizelaar tink, dan tink ik oan 'e soos; neffens my hat Klaas dy utfun. Mar dat is net sa. It wie Otto van der Goot dy't de soos oprjochte en de minsken fan hus helle en wer thus brocht. Mar Klaas docht it no ek al wer even en de soos leit him nei oan 't hert.

'Jan Smits ut Sondel en ik bestjoere it allegear sa'n bytsje. Wy ha no sa'n 17 a 18 leden en der kinne best noch in pear by. Mar it is soms in toer, jong, om de minsken oer de streep te krijen. As se der ienkear binne, fine se it hast altyd pachtich. Elk kin dwaan wer 't er de measte nocht oan hat; we rummikupje, klaverjasse en biljerte. Dy sitte moai wat te sjen, drinke in bakje thee en meitsje sa no en dan in praatsje. Ikselfs? Ik ben meastal oan 't biljarten.'

Is der noch meer der't Klaas fol fan sit?
"Ja, de damclub. Dy ha ik froeger mei oprjochte. Ik gean no al 57 jier elke moandeitejûn nei ’t doarpshûs te damjen. Dan sit ik ek noch op 'e klaverjasclub. Dat is om de 14 dagen; de iene kear yn Nijemardum en de oare kear yn Aldemardum. Fyn ik ek prachtich. Fan '65 oant '85 ha 'k foarsitter fan de fuotbalclub NOK west, dy ha 'k ek noch mei oprjochte. Mar dat doch ik net mear. Ik bin wol earelid fan NOK."
 En de Fûgelwacht? "Dat ha 'k ek jierren dien, mar de neisoarch koe 'k net mear dwaan om myn jicht, sjoch." Klaas lit my syn hannen sjen, mei grutte knobbels derop en rare bochten yn 'e fingers. "Ik ha no nije pillen en it giet op 't heden knap, mar ik ha wol hân dan koe 'k net iens rinne.
 Wat ik noch wol doch is sweltsjenêsten telle. It giet hiel goed mei de swellestân yn Nijemardum, foarich jier sieten we op 208 nêsten. Jan Beuckens hie wol 25 nêsten oan syn hûs! Ik sil der ynkoart wer even by lâns."
 

(...) 

    
De bern fan tsjinwurdich kleie wolris dat se sa betiid fan 't bêd ôf moatte, mar ik siet as skoaljonge moarns healwei fiven ûnder de kij, molk oan skoaltiid ta en út skoalle wei moast ik nochris. Doe't ik fan skoalle ôf kaam, 12 jier, ha 'k noch trije jier by Age van der Meer wurke." "Doe't Aukje en ik ferkearing hiene, wie 't al wat oer, mar foar dy tiid troffen de feinten en fammen fan Nijemardum en Sondel elkoar tusken de Griene Singel en Sytze Faber. Dêr toffelen se dan wat hinne en wer, it wie dêr altyd smoardrok op sneontejûn. Om njoggen oere gyngen se allegear wer nei hûs.”
 
“Doe't wy trouden, kamen we by myn âlden yn te wenjen, ús heit hie doe de winkel al fan Harmen Ynzes oernommen en ik wurke der ek. Nee, it hûs wie net grut, mar wy hiene in apart keukentsje achter de 'grutte' keuken en ek in eigen keamer, dat wy wiene der bliid genôch mei."
 
"Yn 1961 ha wy de winkel oernomd en binne heit en mem en dy nei de Wissebuurt gien te wenjen. Harren keamer is doe by de winkel komd, dêr hiene we dan de kopkes en pantsjes en oar 'net om te iten' guod yn.
 
it wie hurd wurkjen, wy makken faak wiken fan 85 oeren. Yn dy tiid brocht ik de boadskippen fansels noch by de minsken thús. Earst moast ik der hinne om 'op te freegjen'. Ik hie foar elk in boadskippeboekje, ik gyng nei de minsken ta om te freegjen wat se ha moasten en skreau it dêr yn harren boekje.
 
Ik kaam ek by in pear âlde minsken, dêr moast ik earst alle nijtsjes fertelle foardat ik de boadskippen opskriuwe mocht! Jûns makke ik de bestellingen klear dy't ik de oare deis útsutelje moast. Dan sette ik ek de prizen achter de boadskippen en telde de boekjes op. Earst mei de bakfyts en letter mei in brommer brocht ik de boadskippen te plak. Dan moast ik der fansels wer ynkomme en even prate. Sommigen betellen dan ek, oaren kamen ienris yn 'e wike nei de winkel om te beteljen. 
 
Sa siet ik sneontejûns altyd mei Hindrik Ottema, Yke de Jong en Douwe Boersma (Fop siet by Aukje yn 'e hûs) gesellich yn 't pakhûs. De mannen kamen te beteljen en dan namen we der even ien op, ja prachtich.""Aukje wie altyd yn 'e winkel en it wie de hiele dei in kommen en gean. Froeger wie't altyd drok yn 'e winkel. Minsken kamen net allinne by ús om wat te keapjen, mar ek foar oare dingen. Want yn dy tiid hiene de minsken noch gjin tillefoan en as der dan wat wie, kamen se by ús te beljen, soms midden yn 'e nacht. Ja, sa wisten wy fansels ek altyd fan alles! Ek it sikehûs belle nei ús ta mei berjochten of útslagen en dat joegen wy dan wer oan de minsken troch.
 
Auto's wiene der noch net folle yn dy tiid en foar elk boadskipke rûnen de minsken even nei de winkel, ek om in praatsje te meitsjen. En moarns healwei seizen kamen der faak al arbeiders oan 'e doar dy't yn 'e polder wurken, om tabak of frisdrank. Ja, dat koe allegear." "Yn 1988 binne we mei de winkel opholden. Wy prakkesearden noch oer wêr in ferbouwing, mar de bern seine: net dwaan, sa hat it wol genôch west. En dat wie ek sa. Yn dy tiid hie Aukje in soad lêst fan pine holle en sels hie 'k lêst fan 'e mage, mar doe't we de winkel net mear hiene, wie dat samar oer."
 
As ik myn skriuwblok al wer yn 'e tas doch, fertelt Klaas noch: "Sjoch, dizze puzzeltsjes, sudoku, dy fine we beide ek prachtich om te dwaan. Fan 'e moarn ha 'k dizze yn 'e Ljouwerter even makke, moai wurk."

 

Delen

voeg je eigen gadgets toe aan deze pagina!